Ane Nauta

Ane Nauta (Hilaard, doe yn Baarderadiel, 21 oktober 1882 - Ljouwert, 9 april 1946) wie in arsjitekt fan skoallen, pleatsen en wenhuzen.

Biografy

Hy makke namme as boumaster fan grifformearde tsjerken yn Fryslân. As soan fan arsjitekt-oannimmer Wybe Thomas Nauta en Trijntje Sytses Douma learde er it fak yn de praktyk yn Hilaard. Hy wie opsichter by de bou fan de grifformearde tsjerke fan Winterswyk (1905), dy't ûntwurpen wie troch arsjitekt Tjeerd Kuipers. Yn dy syn styl ûntwurp Ane Naute de grifformearde Stedsleanetsjerke yn Drylts (1910), de tsjerke fan Lollum (1916) en Raard (1916) en Ternaard (1921).

Oant 1920 wie Nauta gemeente-arsjitekt fan Westdongeradiel. Fernijend wie er mei de bou fan de grifformearde tsjerke op It Hearrenfean, ien fan de earste twa betonnen tsjerkegebouwen (de oare stiet op De Tynje).
Hy ûntwikkele in eigen styl dy't werom te kennen is oan de grifformearde tsjerken fan De Jouwer (1922), Wâlterswâld-Driezum (1923), Wolvegea (1923), Mearum (1924), Tsjummearum (1924), Nes (Dongeradiel) (1925), Wurdum (1925) en Dokkum (de Noardertsjerke en Eastertsjerke). Wat minder oermjittich binne de tsjerken yn Bitgummole (1925), Ljussens (1927) en Seisbierrum (1927). Yn meardere plakken wie it yn inoar opgean fan ôfskiedenen en dolearjenden reden foar nijbou fan de tsjerke, lykas yn Dokkum, Sint-Anne (1926) en Boalsert (1929).

Wurk (karút)

JierPlakWurkBysûnderhedenOfbyld
1911DryltsStedsleanetsjerkeOargel is ryksmonumint
1913AaltenEastertsjerke
1915LollumGrifformearde tsjerke
1918RaardMarthatsjerke
1921It HearrenfeanKrústsjerke
1921De JouwerGrifformearde tsjerkeSloopt yn 1984
1921TernaardGrifformearde tsjerke
1922WâlterswâldGrifformearde tsjerke
1923MarrumGrifformearde tsjerkeSloopt
1924TsjummearumGrifformearde tsjerke
1925BitgummoleGrifformearde tsjerke
1925DokkumNoardertsjerkeSloopt
1925WurdumUnitastsjerke
1925WolvegeaIchtustsjerke
1925KollumersweachGrifformearde tsjerke
1926DokkumEastertsjerke
1926Nes (Dongeradiel)Grifformearde tsjerke
1926Sint AnneGrifformearde Gideontsjerke
1927LjussensGrifformearde tsjerke
1928SeisbierrumGrifformearde tsjerke
1929BoalsertGasthûstsjerke (Grifformeard)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: