Rykswei 7

(Trochferwiisd fan A7)

De Rykswei 7, ek A7, is in autodyk (A7) en autowei (N7) fan Saandam oer de Ofslútdyk nei de Dútske grins. De Ryskwei A7 is, útsein it part tusken Saandam en it Knooppunt Saandam, ûnderdiel fan de E22. Mei likernôch 236 kilometer langte is de A7 de langste rykswei fan Nederlân. Yn syn hjoeddeistige foarm mei skate rydbanen oer it grutste part fan it trasee waard de A7 fierhinne oanlein yn 1975.

A7
Langte:230,2 km
Kaart

Rin

De A7 begjint by it Knooppunt Saandam dêr't er fuortkomt út de N7 en oanslút op de A8. Dêrwei rint er oer Purmerein, Hoarn, troch de Wieringermar, by Den Oever lâns oer de Ofslútdyk hinne. By Surch leit om ôfslach 15 hinne it Knooppunt Surch mei ferbining mei de A31 nei Harns en Ljouwert. Dêrnei rint er oer Boalsert nei Snits ta. By Snits slút de A7 oan op de N7 dy't dêr om de stêd hinne giet en foarmet er in part fan de Ring Snits. Oan de oare kant fan de stêd begjint de A7 wer. By De Jouwer, tusken ôfslach 23 en 25, leit it Knooppunt De Jouwer mei oansluting op de A6 nei Emmeloard. By It Hearrenfean leit tusken ôfslach 26 en 26a it Knooppunt It Hearrenfean, mei ferbining mei de A32, nei Ljouwert en Swol. Dêrnei rint er by Drachten del en de ôfslaggen 30 en 30a foarmje it knooppunt Drachten mei in ferbining mei de N31 nei Ljouwert ta en de N381 nei Easterwâlde en Emmen. Dêrnei rint er by Fryske Peallen en De Like del nei Grins ta. By Grins slút de A7 op Knooppunt Julianaplein, mei ferbining mei de A28 en de N7. Oan de oare kant fan de stêd begjint de A7 wer by it Knooppunt Jeropaplein en rint er oer Hegesân, Wynskoat dan fierder nei Bad Nijeskâns oer de grins hinne dêr't er as Bundesautobahn 280 fierder giet oant Dreieck Bunde, dêr't er oanslút op Bundesautobahn 31, dy't in ferbining fan it Ruhrgebiet mei East-Fryslân foarmet.

Rûteferoaring Saandam

De rûte tusken knooppunt Saandam en Saandam-Súd is dûbel nûmere.

Sûnt de maitiid fan 2014 begjint de rykswei 7 by knooppunt Coenplein. Earder wie it Prins Bernhardplein it begjin fan de A7. Al by it nûmerjen fan de ôfritten waard der rekken mei holden dat it earste part fan de A8 dûbel nûmere wurde soe. Dy dûbele nûmering waard dien omreden it lange ôfstânsferkear fan de A10 en A7 gjin ferlet hie om op in koart eintsje lette te moatten op in oar dyknûmer.

Ofslaggen

ProvinsjeGemeentekm.#NammeDikenNijsgjirrigens
Noard-HollânSaanstêd0Begjin op it Prins Bernhardplein yn Saandam.
4 SaandaamBegjin
5 Knooppunt SaandamA8
7 2SaandykFoar Saanske Skâns
Wormerlân11 3Wijdewormer
Purmerein14 4Purmerein-SúdN235
15 5Purmerein
17 6Purmerein-NoardN244
Koggelân29 7Avenhorn/Hoarn-WestN243, N247
Hoarn32 8Hoarn
34 9Hoarn-NoardN302
Medemblik36 10WognumN241
39 10aAbbekerk
43 11MedemblikN239
Hollâns Kroan50 12MiddenmeerN242
55 13WieringerwerfN240, N248
64 14Den OeverN99
Ofslútdyk
FryslanSúdwest-Fryslân97 -Koarnwertersân
101 Knooppunt SurchA31
101 15Surch
105 16Wytmarsum
110 17Boalsert-Noard
112 18Boalsert-East
115 19Nijlân
118 20Snits-West
119 21Snits-Súd
119 21aSnits-Wâldfeart
120 22Snits-East
Skarsterlân133 23De Jouwer-West
136 Knooppunt De JouwerA6
140 25Aldehaske
It Hearrenfean142 26It Hearrenfean-West
144 Knooppunt It HearrenfeanA32
147 26aTsjalbert
Opsterlân152 27De Gordyk
158 28Beetstersweach
Smellingerlân161 29Drachten-Sintrum
165 30EasterwâldeN381
165 30aDrachtenN31
Opsterlân170 31Fryske PeallenN358
GrinslânMearum176 32Marum
180 33BoerakkerN388
De Like184 34De LikeN372
Grins191 34aWestpoort (Grins)
193 35HeechtsjerkN372
196 36Ring Grins-WestN370
de rûte oer de Ring Grins is nûmere as N7
196 36aMartini-sikehûs
197 JulianapleinA28
198 37Helpman
198 37aOosterpoort
199 38Jeropaplein
? EuvelgunneN46
? 39Engelbert
De dyk giet sa fierder as A7:
Hoogezand-Sappemeer213 40FoxholN386
215 41HoogezandN387
218 42Sappemeer
Menterwâlde222 43Súdbroek
224 44NoardbroekN33
Scheemda230 45ScheemdaN362
232 46Hilligerlee
Wynskoat240 47WynskoatN367
Bellingwedde246 48Aldeskâns
Reiderlân251 49Bad Nijeskâns
Grins mei Dútslan; de dyk giet fierder as de Dútske A280.

Akwadukt

By Snits giet de A7 ûnder it Geau-akwadukt troch, de Prinses Margriettunnel foar it Prinses Margrietkanaal.

Diken yn Fryslân
Rykswegen: A6A7A31/N31A32/N32
Provinsjale diken: N351N353N354N355N356N357N358N359N361N369N380N381N383N384N390N392N393N398N910N913N917N918N919N924N927N928N979N981
Jeropeeske wei: E22
Knooppunten: Knooppunt De JouwerKnooppunt It HearrenfeanKnooppunt OerterperfallaatKnooppunt SurchKnooppunt Werpsterhoeke
Rûnwegen: Ring LjouwertRing Snits