Op 1 jannewaris2001 waarden de gemeenten Iselham en Brederwiede oan de gemeente Stienwyk tafoege. De ynwenners fan dy twa eardere gemeenten wienen it lykwols net iens mei de namme Stienwyk. Se joegen oan in namme as "Kop fan Oerisel" of "Stienwikerlân" better te finen, om't by allinnich de namme "Stienwyk" it krekt like oft de gemeenten troch Stienwyk anneksearre wienen. Troch dy protesten is de namme fan de gemeente op 1 jannewaris 2003 feroare ta Stienwikerlân.
Fierder hat de gemeente noch in rige buorskippen: Barsbeek, Basserveld, Blauwe Hand, De Klosse (foar in part), Dinxterveen, Doosje, Dwarsgracht, Heetveld, Jonen, Kadoelen, De Kolk (foar in part), Leeuwte, Moespot, Molenhoek, Muggenbeet, Ronduite, Zuideinde.