Dizze side giet oer de gemeente It Hearrenfean. Foar it plak, sjoch: It Hearrenfean (plak).
It Hearrenfean (Nederlânsk en offisjeel: Heerenveen,Stellingwerfsk: et Vene) is in gemeente yn it suden fan Fryslân, mei 51.812 ynwenners (1 jannewaris2024, boarne: CBS), wêrfan 30.200 yn de flekkeIt Hearrenfean sels (1 jannewaris 2017). It hat in gebiet fan 187,76 km², wêrfan 6,9 km² wetter.
Yn 1934 waard de gemeente It Hearrefean foarme troch de fúzje fan Aenjewier en Skoatterlân, wêrby't ek in lyts diel fan Haskerlân tafoege waard, eastlik fan it hjoeddeiske Nijehaske. De trije neamde gemeenten foarmen oant doe ta in trijegemeentepunt yn it plak It Hearrenfean, wat al lange tiid in obstakel foar de pleatslike ûntjouwing wie.
By de gemeentlike weryndieling fan 1984 ferlear It Hearrenfean it doarpNijbrêge oan 'e nije gemeente Skarsterlân. Yn 2014 fûn der op 'e nij in gemeentlike weryndieling plak. Op 1 jannewaris fan dat jier waard de (âlde) gemeente It Hearrenfean wetlik sjoen opheft, wylst dêr mei-iens in nije gemeente It Hearrenfean foar yn 't plak kaam. De nije gemeente kombinearre it grûngebiet fan 'e âlde gemeente mei de doarpenNijbrêge en Haskerdiken fan it ophefte Skarsterlân en de doarpen Akkrum, Aldeboarn en Nes fan it krektlyk ophefte Boarnsterhim. Dêrmei waard it grûngebiet útwreide fan 140,2 km² nei 187,76 km².
Yn 1934 waard Oenemastate gemeentehûs fan It Hearrenfean en yn 1952 waard dit Crackstate. Yn de 1990-er jierren folge nijbou, dat ferbûn waard mei Crackstate. Yn 2007 is it gemeentehûs ferboud.
Yn de gemeente It Hearrenfean wurdt benammen Frysk sprutsen. Fan âlds út waard der yn it eastlike part fan de gemeente, yn de doarpen Hoarnstersweach en Jobbegea ek Stellingwerfsk sprutsen. Mar hjoed de dei hat noch mar 2% fan de befolking it Stellingwersk as memmetaal. Dêrnjonken hat 53% it Frysk as memmetaal en 38% it Nederlânsk. Stedsk wurdt troch 4% fan de minsken sprutsen wylst 3% fan de ynwenners in útlânske taal as memmetaal hat.[1]